|
Op 1 yn de Fryske album top 100 |
|
Us kompakt skiif Fryske ferskes foar Sinteklaas stiet op it momint fan skriuwen op plakje 1 fan de Album top 100. Dat is fansels hardstikkene moai nijs en it giet dan ek wer tige goed mei de ferkeap. De klipkes binne ek al geregeld op Omrop Fryslân tv te sjen west.
|
|
|
Oan it ein fan it jier mei elkenien wer syn stim jaan foar de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân. Foarich jier wiene ús lietsjes wat oan de lette kant ûnder de minsken en dêrom siet in topnotearing der net yn. Dit jier binne wy fansels better tared dat jim kinne no al jim stim útbringe op http://www.frysketop100.nl/. Us tips binne:
Piter Wilkens - Sinteklaas, ús held
MC Remon - De baas mei spekulaas
Fokke Miedema - Eigenwize Pyt
Meindert Talma - Sinteklaas is ferkâlden
Adri de Boer - Laitsje dûnsje springe
De folchoarder meie jim sels bepale. Hjir boppe stean sy op de folchoarder dy't ek op de kompakt skiif stiet. Lit yn elk gefal jo stim net ferlern gean want dat soe skande wêze.
|
|
|
De klip fan Eigenwize Pyt (mei Fokke Miedema) |
|
|
De klip fan Laitsje dûnsje springe (mei Adri de Boer) |
|
|
De klip fan Sinteklaas, ús held (mei Piter Wilkens) |
|
|