It Bestjoer fan de stifting Warber Fryslân bestiet út: Jarig Hendrik Sipma (foarsitter), Bianca van den Bogert (skriuwster) en Thaeke Johannes Kuipers (ponghâlder). Hjirûnder stelle wy harren efkes oan jim foar:
Jarig Hendrik Sipma (foarsitter)
Jarig wennet yn Grins mar komt fan Ingwierrum. Hy is as ôfstudearre bedriuwskundige no oan it wurk. Jarig hat foarsitter west fan Bernlef en gemeenteriedslid yn Grins.
Bianca Wijnsma (skriuwster)
Bianca Wijnsma is 37 jier en wennet yn Hurdegaryp. Nei har HBO-studzje hat se ferskeidene jierren yn de makelerdy wurke. Doe’t se untduts dat er yn har doarp hast gjin bern wiene dy’t noch Fryske Sinteklazeferskes koenen, hat se tegearre mei Jarig en Thaeke de Stifting Warber Fryslân oprjochte en de skiif “Fryske ferskes foar Sinteklaas” produseare. Bianca woe it hjir net by litte en is no produsinte en eigener fan Bianca Wijnsma Entertainment. Se organiseart (thema-)feesten, eveneminten en produksjes foar partikulieren en bedriuwen. Sjoch www.biancawijnsmaentertainment.nl
Thaeke Johannes Kuipers (ponghâlder)
Thaeke komt fan oarsprong út Sint Nyk (berne yn Wâldsein), hat HAFU en TWU dien en is dêrnei yn Grins bedarre. Dêr hat er by studinteferiening Bernlef ûnder oare it idee lansearre foar it meitsjen fan de bekende en yntusken ek ferbeane Fryske Kameleonfilm. Nei ferskate omswerfings yn Grins wennet Thaeke no mei syn freondinne yn de Rottefalle. Dêr hat er syn eigen webhostingbedriuw. Dêrneist wurket hy ek noch foar Friesland Foods en hy hat sûnt koart in eigen Fryske webwinkel. Wat it Frysk oanbelanget is Thaeke fan betinken dat je net te folle prate moatte oer it brûken mar dat je it gewoan brûke moatte om te praten.
|