Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
De Stifting
Stifting Warber Fryslân is yn maart 2008 oprjochte om foarm te jaan oan de winsk fan in pear minsken dy’t ideeën ha oer it stypjen fan it Frysk. It is in ideologyske en selsstannige organisaasje. Wy dogge alles yn ús frije tiid en alles fergees. Derby hawwe we de frijheid om pragmatysk te sjen mei hokker oare organisaasjes wy gearwurking sykje wolle. It doel fan de stifting is: It stimulearjen fan it brûkmeitsjen fan de Fryske taal en dan mei namme rjochte op de Fryske bern.