Novimber 2007, Sinteklaas komt oan yn Hurdegaryp. Yn it winkelsintrum is it smoardrok. Alle bern út it doarp binne by inoar kaam om de biskop wolkom te hjitten. It is hiel smûk: der wurdt dûnse, der wurdt lake, der wurdt song….oant de Sint freget oft der ek in Frysk Sinteklaasferske song wurde kin. It wurdt stil......tige stil......
Te stil, neffens ús. Neidat we noch ris fierder frege hawwe by de juffers fan ferskate basisskoallen, waard dúdlik dat de Fryske bern yn it algemien net fierder komme as it earste kûplet fan “Swarte Pyt gong út fytsen” . Dat moat oars! Wy fine dat Fryske bern yn elk gefal de mooglikheid krije moatte om Sinteklaas yn harren memmetaal ta te sjongen.
Om dat doel te berikken hawwe wy de Stifting Warber Fryslân oprjochte. De stifting wol it brûken fan de Fryske taal, mei namme troch bern, stimulearje. Us earste projekt sil it útbringen fan in kompakt skiif mei Fryske Sinteklazeferskes wurde. De stifting hat gjin kommersjele bedoelingen, mar ideologyske. Wy wolle foaral safolle mooglik Fryske bern oanmoedigje yn it brûken fan harren memmetaal.
|