|
Fryske Sinteklaasferskes op skiif |
De earste aksje fan Stifting Warber Fryslân sil it útjaan fan in Frysktalige Sinteklaaskompaktskiif wêze. Foar dat wy begûn binne mei it meitsjen fan dizze kompakt skiif hawwe wy allerearst oan in oantal juffen fan basisskoallen yn ús provinsje frege wêr't hja ferlet fan hawwe. Dêr wurdt dan rekken mei hâlden. Us plan is om alle basisskoallen yn Fryslân (sa’n 500) in skiif fergees oan te bieden. Dêrneist wolle we sa’n 2000 skyfkes besykje te ferkeapjen tsjin in sêft pryske.
It is de bedoeling dat der trije soarten Sinteklazeferskes op de skiif komme:
- Tsien besteande ferskes út it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer, Siegbert de Jong en Sieb Stroosma (Afûk, 1991);
- Likernôch fiif nije ferskes op bekende, besteande meldijen. Dizze ferskes besykje wy te krijen troch in wedstryd te organisearjen yn gearwurking mei de Fryske Studinteferiening Bernlef te Grins. Dizze lanlikke wedstryd is al oankondige yn 'e media mei in parseberjocht en is ek al begûn op 19 april 2008. Op 20 maaie sil it ôfrûn wêze en hoopje wy fiif goeie ynstjoerings útsykje te kinnen foar op de ks. De priisútrikking sil yn it lêst fan augustus yn Frjentsjer plak fine tidens Bernlefs benefytsaksje. Mear oer dizze wedstryd fine jo earne oars op dizze webside.
- Fiif oant tsien gehiel nije ferkes op nije meldijen. Om oan dizze ferskes te kommen sil de stifting in oantal bekinde Fryske sjongers en skriuwers persoanlik útnoegje.
Musykskoalle De Wâldsang hat tasein meiwurkje te wollen oan de skiif as der genôch bern mei foldwaande nivo te finen binne. Yntusken hawwe der 40 bern audysjes dien en sa as it no stiet dogge se allegear mei oan it bernekoar. De earste repetysjes hawwe al plak fûn. Yn juny sille de earste opnamen makke wurde. Der binne twa dosinten fan de musykskoalle dy it koar oanstjoere. Dêrneist bin ek Hindrik van der Meer, bekind fan syn Fryske berneferskes, en Egbert Klazenga by it muzikale part fan ús projekt belutsen.
|