Yn gearwurking mei FFJ Bernlef út Grins organisearje wy in oersetkriich om oan nije Fryske Sinteklazeferskes te kommen. Studinteferiening Bernlef hat fansels romme ûnderfining mei it opsetten fan aksjes. De studinten yn Grins sille foar de útfiering fan de wedstriid soargje. Hâld dus ek harren side yn ‘e gaten: www.bernlef.com !!!
Reglemint
Dit wolle we sa simpel mooglik hâlde. Skriuw in Frysktalige tekst op besteande muzyk. De sjuery sil dan besjen at it dusdanich leuk is dat it foar ivich in part fan de Fryske muzyk wêze sil. Feroarings oan dit reglemint sille net letter as op 16 april op dizze side stean.
Tiidsplenning
Op 19 april sil op de Dies fan FFJ Bernlef it startskot fan dizze aksje jûn wurde. Op 20 maaie is de slúting fan de kriich, dus at jim meidwaan wolle, pak it dan rap op en lit it net oan jim foarby gean.
Sjuery
FFJ Bernlef sil soargje foar in ûnôfhinklike sjuery mei genôch doel oer muzyk, teksten, bern en de Fryske taal.
Priisútrikking
Sa’t it no liket sil de priisútrikking barre op in geweldich spektakel. Frjentsjer sil it plak wol wurde en elkenien sil witte dat it barre sil.
De ynstjoering
Hiel simpel, oer de eamel en mei in korrespondinsje-adres en mei opjefte fan op hokker muzyk it nûmer skreaun is. It eamel-adres om it hinne te stjoeren is.
This e-mail address is being protected from spam bots, you need JavaScript enabled to view it
|