Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
Remon de Jong wurket mei
remondejong.jpgStifting Warber Fryslân hat Mc Remon de Jong ree fûn om mei te wurkjen oan de nije Fryske Sinteklaasferskes kompaktskiif. Remon de Jong, dy't noch mar krekt syn eigen Friesstyle skiif lansearre, hat al earder optreden (yn it Hollânsk spitigernôch) foar Sinteklaas by de lanlikke yntocht yn Snits yn 2005. Dizze kear sil er at de tiid it talit in moaie Fryske rap op de plaat sette. Wy binne hjir fansels tige wiis mei. Sa komt der in moaie mjuks fan âlde ferskes op bekende wizen en nije stikjes dy't pas oer in pear jier útgroeie ta klassikers. Faaks wurde der dan ek ris Sinterklaasferskes oerset fan it Frysk nei it Nederlânsk...