Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
Piter Wilkens skriuwt ek mei
piterwilkens.jpgNei Remon de Jong hat no ek Piter Wilkens oanjûn dat er wol ree is en skriuw in nij Frysk Sinteklaasnûmer foar op ús kompakt skiif. Dêr binne wy fansels tige wiis mei want Piter is ommers ien fan de meast produktive en bêste Fryske skriuwers. Sjoch allinnich ris nei de top 100 fan Omrop Fryslân. Dêr stie er it ôfrûne jier mar leafst 14 kear yn. Sa no en dan jout er ek kursussen om sa yntresearren paadwiis te meitsjen yn it kreative skriuwproses. De ferwachtings bin dan ek heech...