|
Doede Veeman docht ek mei |
Doede Veeman hat him der ek ta set en skriuw in Frysk Sinteklaasferske. Doede hat tegearre mei Piter Wilkens in tsiental lietskriuwkursussen jûn
foar it FLMD, letter Tresoar. Al jierren stiet er solo op de planken mar hy hat ek mei dien mei de fjouwer Fryske troebadoers wêrby't hja folle sealen lutsen. Hy hat twa kompakt skyfkes útbrocht, oersettings fan syn âlde LP's eins, dus it wurdt wol wer ris tiid dat er in opnamestudio fan binnen sjocht...
|