Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
Gurbe Douwstra skriuwt foar Warber Fryslân
gurbedouwstra.jpgGurbe Douwstra sil ek in ferske skriuwe foar ús Fryske Sinteklaasferskes kompakt skiif. Gurbe Douwstra is oergryslik goed dwaande mei de Fryske muzyk. Sa stiet er sels op de planken mei syn Fryske troebadoersferskes mar ek is er aktyf yn it bestjoer fan Aaipop, it Fryske popfestival. By Omrop Fryslân draait er wykliks it iene Fryske plaatsje nei it oare yn Radio Froskepôle. Ynkoarten dus ek eat fan syn hân op ús skiif.