|
Meindert Talma skriuwt ek mei |
Oppenij is der in ferneamde Fries dy't meiskriuwe sil oan ús projekt fan Fryske Sinteklazeferskes. It giet hjir dan om de beamlange Grinzer Fries Meindert Talma. Talma is net allinnich bekend fan syn muzyk en boeken mar ek skriuwt er regelmjittich in kollumn yn de Ljouwerter Krante. Meindert Talma hat yn 2004 Liet wûn mei it nûmer "Dûnsje wylde kat dûnsje".
|