Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
De earste demo is der al
meinderttalma.jpgMeindert Talma hie der sin yn. Hy skreau fuortdaalks in eigensinnich Frysk Sinteklaasferske foar ús kompakt skiif wêrnei't er it ek noch efkes hielendal eigenhandich opnaam. Sa hawwe wy dus no al ús earste demo mp3 binnen. It is de bedoeling dat it letter jitris oppenij opnaam wurde sil mei wat bern der by. Harkje no alfêst nei de bydrage fan Meindert Talma. It ferske giet oer Sinteklaas dy't ferkâlden troch de Wâlden omstrúnt.

Sinteklaas is ferkâlden (Demo)




Meindert Talma  -  De ferkâlden Sinterklaas


Refrein:

Ha...ha...tsjoe! Ha.. ha... tsjoe!
Ha... ha... tsjoe!,' prûste Sinterklaas.
Wat hie er it te pakken, de âlde baas
' Ha... ha... tsjoe!,' prûste Sinterklaas.
  
It binne hiele spannende dagen
foar alle bêrn en Piterbazen.
Want doe’t er oankaam yn ’e Fryske Wâlden
wie Sinteklaas hiel slim ferkâlden.

Der wurdt hiel hurd op ’e doar kloppe.
En de Sint syn noas dy is ferstoppe.
Alle bêrn krije pipernuten
en de Sint in bûsdoek foar it snuten


Refrein
 
Sinteklaas sit op syn âlde knol
en syn noastergatten sitte fol.
De earme Sint is sa ferkâlden
as Amerigo draaft troch de Wâlden.

Sinterklaas hat it hiel bot kâld.
Hy tinkt by himsels: miskien wurd ik te âld.
Nee, Sinterklaas hat net in hiel steil wurd
en der sit allegear snot yn syn wite burd.          
         
Refrein