Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
De Sinteklaasferskes
Hjirûnder fine jo de teksten fan de ferskes dy't op de Fryske Sinteklaasskiif stean. Se stean op dit stuit noch op alfabetyske folchoarder.

Alhiel út Spanje (út: it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer/ Sieb Stroosma/Siegbert de Jong)

Alhiel út Spanje makke Sinteklaas de reis.
No is er hjirre aloan ûnderweis.

Hy rydt by nacht, hy rydt by dei,
Syn swarte feint giet oeral mei.
Hy triuwt yn alle hoeken wat,
Omdat er it goed mei ús foar hat.

Alhiel út Spanje makke Sinteklaas de reis.
No is er hjirre, aloan ûnderweis.

Alhiel út Spanje makke Sinteklaas de reis.
No is er hjirre aloan ûnderweis.

It hynder giet oer dyk en dak,
En bringt syn grize baas te plak.
Dat fol ferwachting slacht it hert,
Fan elk dy't syn klompke jûns set.

Hy struit mei pipers,
Om't wy goed ús bêst dien ha.
Wy sjonge fleurich
him it wolkom ta.


Dat is fan Sinteklaas (© Doede Veeman)

Rieris, raris, roaris, rok wat sit der yn myn breiden sok
Sjuris, sjaris, sjoaris, sûs dat is in sûkelade-mûs
Mei sûkelade sinten en sûkelade krinten
In hynderke fan spekulaas dat is fan Sinteklaas, ja, ja, dat is fan Sinteklaas


De baas mei spekulaas (© Remon de Jong)

Ja, aha, Sinteklaas, Swarte Pyt.
Hy is in baas, dy Sinteklaas, in baas mei spekulaas.

Op in nacht, op in dak yn Harns
Siet Pakjes Pyt mei de Sinteklaas
Pyt die neat en siet der stil
Sint naam it lui, en de Pyt naam it chill

Mar der moast wat gebeure
En Pakjes Pyt dy moast net sa seure
Harnzer bern dy wachten op harren pakjes
Trochpakke no, stilsitte strakjes

Pakjes Pyt dy kaam net fan syn plak
Hy foel hast yn sliep op it hege dak
Mar Sinteklaas hie in geheim resept
Om wekker te bliuwen, en it wurke perfekt

Want nei it iten fan ien spekulaas
Wie de Pyt wer fit, de Sint is baas

Sinteklaas Sinteklaas Sinteklaas, hy is in baas
spekulaas want Sint hat haast
Sinteklaas, hy is in baas
Sinteklaas Sinteklaas Sinteklaas, hy is in baas
spekulaas want Sint hat haast
Sinteklaas, hy is in baas

Yn de simmer op de Bahama’s
De fakânsje fan Sinteklaas
Swarte Piten dienen gek op it strân
En ûnder in parasol lei de âld man

Nei wiken relaksen wie de tiid wer om
En moasten se oan ‘t wurk nei Spanje werom
Pakjes ynpakke foar alle bern
Mar de Piten ja wienen de boat ferlern

Nergens te finen, mar se moasten fuort
Dan mar roeie, ja fier en hurd
Mei it geheime resept fan Sinteklaas
Ja alle Swarte Piten oan de spekulaas

It gong tige rap, de spekulaas smakke
Se wienen rûm op tiid om alles netsjes yn te pakken

Sinteklaas Sinteklaas Sinteklaas, hy is in baas
spekulaas want Sint hat haast
Sinteklaas, hy is in baas
Sinteklaas Sinteklaas Sinteklaas, hy is in baas
spekulaas want Sint hat haast
Sinteklaas, hy is in baas


Sinteklaas Sinteklaas Sinteklaas, hy is in baas
spekulaas want Sint hat haast
Sinteklaas, hy is in baas

Bist wat wurch yn 'e holle, spekulaas
yt dan lekker folle, spekulaas
Thús en op 'e skoalle: spekulaas
Dat moat alle Piten wolle ja spekulaas
Bist wurch yn 'e holle, spekulaas
yt dan lekker folle, spekulaas, spekulaas, spekulaas, spekulaas, ja spekulaas.


De keunstkes fan Swarte Pyt (út: it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer/ Sieb Stroosma/Siegbert de Jong)

Swarte Pyt siet op in dak, op in dak.
Hy hie dêr in prachtich plak, prachtich plak.
En hy fleach mar hinne wer, gekke keunstkes die er dêr.
En hy die dan sa en hy die dan fan sa!

Swarte Pyt siet op in dak, op in dak.
Hy hie dêr in prachtich plak, prachtich plak.
En hy fleach mar hinne wer, gekke keunstkes die er dêr.
En hy die dan sa en hy die dan fan sa!


De pakjesreis (© Gurbe Douwstra)

Yn Spanje stiet in pakhûs, dat heart by in paleis
It leit dêr fol mei boartersguod en dat sil aanst op reis
It is it hûs fan Sinteklaas, dat hawwe jimm’ wol troch
Dy hat grif foar ús allegear nei moaie pakjes socht

En wurdt it dan novimber, dan wurdst dêr spikergek
Moatt’ al dy pakjes yn papier en yn in grutte sek
De Swarte Piten ha it drok, sy wurkje dei en nacht
Want al dy pakjes by elkoar dat is in hiele fracht

Earst gean se yn in frachtwein fan mear as tritich ton
Dy bringt de pakjes nei de trein, dy stiet op it stasjon
Dat is in hiele grutte trein wol hûndert meter lang
Dy kronkelt troch it Spaanske lân, it liket krekt in slang

En mei in sneltreinfaartsje rydt er nei de boat
Dat is der ien fan Sinteklaas, dy hat in hiele float
De pakjes geane yn it rom, dan set de boat útein
En fart dan gau nei Fryslân ta, dat is in hiel lang ein

Mar is ‘t dan fiif desimber, is Sinteklaas te plak
En rydt mei al dat boartersguod by jimme oer it dak
En hearstû aanst wat oan de doar, sa om in oer’ as seis
Dan bin’ dat grif de pakjes oan d’ ein fan harren reis


De Pipernuteblues (út: it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer/ Sieb Stroosma/Siegbert de Jong, skreaun troch Grytsje Brouwer foar de Fryske bernekrante)

Fiif desimber, 't is wer safier.
Mei-inoar steane wy te wachtsjen op 'e pier.
Wy steane hjir al in oere en it is ferhipte kâld.
Mar Sinteklaas kin net sa hurd want dy man is ek al âld.
Om de tiid wat om te krijen sjonge wy de pipernuteblues.

Fiif desimber, 't is wer safier.
Mei-inoar steane wy te dûnsjen op 'e flier.
De pipernuten rôlje hjir by ús troch it hûs
En Sinteklaas giet út syn dak hjir boppe op ús hûs.
Ja, it rint wat út 'e hân mar dat komt troch dy pipernuteblues.


De sek fan Sinteklaas (út: it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer/ Sieb Stroosma/Siegbert de Jong)

De sek fan Sinteklaas, Sinteklaas, Sinteklaas.
De sek fan Sinteklaas, o jonges, jonges, 't is sa'n baas.
Dêr triuwt er, dêr triuwt er, dêr triuwt er, bliid fan sin,
De hiele, de hiele, de hiele wrâld wol yn!
De sek fan Sinteklaas, Sinteklaas, Sinteklaas,
De sek fan Sinteklaas, o jonges, jonges, 't is sa'n baas!

De sek fan Sinteklaas, Sinteklaas, Sinteklaas.
De sek fan Sinteklaas, o jonges, jonges, 't is sa'n baas.
Dêr triuwt er, dêr triuwt er, dêr triuwt er, bliid fan sin,
De hiele, de hiele, de hiele wrâld wol yn!
De sek fan Sinteklaas, Sinteklaas, Sinteklaas,
De sek fan Sinteklaas, o jonges, jonges, 't is sa'n baas!


Eigenwize Pyt (© Fokke Miedema)

Swarte Pyt is eigenwiis
Hy harket nei gjinien, hy wit alles better
Hy komt ek nea op tiid, hy is altyd letter
As er no mar harket nei Sinteklaas
Mar Swarte Pyt is eigenwiis

Swarte Pyt hat pinebúk
Hy hat te folle snobbe fan de pipernuten
Hy hat te folle snobbe fan it spekulaas
Oh, hie er no mar harke nei Sinteklaas
Dan hie er no gjin pinebúk

Swarte Pyt docht him sa sear
Hy woe sa graach op Sinteklaas syn hynder ride
No bin´ se tegearre fan it dak of glieden
Oh, hie er no mar harke nei Sinteklaas
Dan die er him no net sa sear

Swarte Pyt wat bisto dom
Wêrom komsto net neist ús yn de skoalbank sitten
Dan kinst in protte leare, dan silst noch mear witte
Harkje mar nei Juffrou en nei Sinteklaas
Swarte Pyt oars bliuwsto dom


Feest! (© Baukje Wytsma/Egbert Klazenga)

Sinteklaas – Sinteklaas – Sinteklaas
hjoed binne wy ris de baas
lit it pipernuten reine op it dak fan spekulaas,
stoute bern krije in tútsje ek al liket dat wat dwaas.

Sinteklaas – Sinteklaas – Sinteklaas
hjoed binne wy ris de baas
sûkeladeletters smelte op de tonge fan ús mem
pake lit it hynder drave nimmen trapet op de rem.

Sinteklaas – Sinteklaas -Sinteklaas
hjoed binne wy ris de baas
ja de roe is hjoed taboe set de wrâld mar op syn kop
pakjes hingje yn de beammen nee it hâldt noch lang net op!

Sinteklaas –Sinteklaas –Sinteklaas
it is feest en wy, wy binne baas!


Hark de wyn (út: it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer/ Sieb Stroosma/Siegbert de Jong)

Hark, de wyn gûlt troch de strjitte,
yn 'e hûs ek waait de wyn.
Soe de Sint it no net litte,
stap by ús de keamer yn?
Stap by ús de keamer yn.
Ja, hy komt troch tsjustre nachten
Op syn hynder sûnder rêst.
As er wist hoe't w' op 'm wachten,
Sûnder mis dan kaam er fêst,
Sûnder mis dan kaam er fêst,

Hark, de wyn gûlt troch de strjitte,
yn 'e hûs ek waait de wyn.
Soe de Sint it no net litte,
stap by ús de keamer yn?
Stap by ús de keamer yn.
Ja, hy komt troch tsjustre nachten
Op syn hynder sûnder rêst.
As er wist hoe't w' op 'm wachten,
Sûnder mis dan kaam er fêst,
Sûnder mis dan kaam er fêst,


Héé Sint (© Oege Visser/Hindrik van der Meer)

Hééé Sint, hearre jo ús wol? Hearre jo ús wol? Hearre jo ús wol?
Hééé Sint, hearre jo ús wol? Wy sjonge oan Spanje ta!
Hééé Sint, sjogge jo ús wol? Sjogge jo ús wol? Sjogge jo ús wol?
Hééé Sint, sjogge jo ús wol? Wy swaaie jo al ta!

Hééé Sint, nimme jo wat mei? Nimme jo wat mei? Nimme jo wat mei?
Hééé Sint, nimme jo wat mei? Ut Spanje, foar ús mei?
Hééé Sint, wy binne dochs sa bliid! Binne dochs sa bliid! Binne dochs sa bliid!
Hééé Sint, wy binne dochs sa bliid! Bliuw mar in hiele tiid!


Klop, klop de doar wurdt iependien (út: it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer/ Sieb Stroosma/Siegbert de Jong)

Klop klop, de doar wurdt iependien en dêr stiet Sinteklaas.
En efter him, wa komt dêr oan? Fansels Piterbaas.
Dêr stappe hja de keamer yn en Sinteklaas dy seit:
dach bern, dach bern, ik kom alhiel út Spanje wei om ris by jim te sjen!

Klop klop, de doar wurdt iependien en dêr stiet Sinteklaas.
En efter him, wa komt dêr oan? Fansels Piterbaas.
Dêr stappe hja de keamer yn en Sinteklaas dy seit:
dach bern, dach bern, ik kom alhiel út Spanje wei om ris by jim te sjen!


Laitsje dûnsje springe (© Adri de Boer)

Wy sjonge graach de hiele dei
fleurige Sinte’ melodijen
Jo jierdei ’t hichtepunt fan ‘t jier
it is no hast safier
Sûnder bern is ’t feest sa keal
dus hûnderten hjir yn ‘e seal
Undogense bern bin’ der net by
en sa netsjes op in rij

Sinteklaas komt jier op jier
nei it hege noarden
Wy sjonge dan wer ferskes
yn prachtige akkoarden
Alle berntsjes binne bliid
Dit is in hiel fet gave tiid
Wy laitsje dûnsje springe
as jo kadootsjes bringe

Mei it hynder troch de nacht
en tûzen pakjes, wat in fracht!
Pyt tikt samar tsjin in rút
sjocht in leave bernesnút
Wat klauterpyt hiel goed docht,
him sa troch de skoarstien wrot.
Fan pipernuten grut ferlet
Alle berneskuon opset

Sinteklaas komt jier op jier
nei it hege noarden
Wy sjonge dan wer ferskes
yn prachtige akkoarden
Alle berntsjes binne bliid
Dit is in hiel fet gave tiid
Wy laitsje dûnsje springe
as jo kadootsjes bringe

Sûkerguod en marsepyn
gean by nacht de skuontsjes yn
De woartels foar Amerigo
út it bernehert kado
Cool dat wy nei ‘t doarpshûs kinne
lekker fet dat jo hjir binne
Dit ferske is no al hast klear
sjonge no noch ien, twa kear

Sinteklaas komt jier op jier
nei it hege noarden
Wy sjonge dan wer ferskes
yn prachtige akkoarden
Alle berntsjes binne bliid
Dit is in hiel fet gave tiid
Wy laitsje dûnsje springe
as jo kadootsjes bringe

Sinteklaas komt jier op jier
nei it hege noarden
Wy sjonge dan wer ferskes
yn prachtige akkoarden
Alle berntsjes binne bliid
Dit is in hiel fet gave tiid
Wy laitsje dûnsje springe
as jo kadootsjes bringe


Oer wâljende weagen (út: it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer/ Sieb Stroosma/Siegbert de Jong)

Oer wâljende weagen, oer brûzjende see
Komt Sint mei syn stoomboat, d'âldman stiet al ree.
De flaggen dy waaie, it seewetter blinkt,
De pipen dy rikje, de stoomfluite klinkt.

Wat laket it feintsje, de berntsjes dochs ta!
Syn sniewite tosken, dy blinke dochs sa.
Hy stiet by it hynder, dat knikt mei de kop,
Twa fleurige tûfen, dy waaie der op.

Och, och, wat in koffers, in boat suver fol!
Foar elts in presintsje, want Sint is sa gol.
De berntsjes, hja wiuwe, sa bliid mei de hân,
'Dei Sint en dei Piter, wês wolkom yn 't lân!'


Sinteklaas is ferkâlden (© Meindert Talma)

Ha...ha...tsjoe! Ha.. ha... tsjoe! Ha... ha... tsjoe!,' prûste Sinteklaas.
Wat hie er it te pakken, de âlde baas
'Ha... ha... tsjoe!,' prûste Sinteklaas.

It binne hiele spannende dagen
foar alle bern en Piterbazen.
Want doe’t er oankaam yn ’e Fryske Wâlden
wie Sinteklaas hiel slim ferkâlden.

Der wurdt hiel hurd op ’e doar kloppe.
En de Sint syn noas dy is ferstoppe.
Alle bern krije pipernuten
en de Sint in bûsdoek foar it snuten.

Ha...ha...tsjoe! Ha.. ha... tsjoe! Ha... ha... tsjoe!,' prûste Sinteklaas.
Wat hie er it te pakken, de âlde baas
'Ha... ha... tsjoe!,' prûste Sinteklaas.

Sinteklaas sit op syn âlde knol
en syn noastergatten sitte fol.
De earme Sint is sa ferkâlden
as Amerigo draaft troch de Wâlden.
Sinteklaas hat it hiel bot kâld.
Hy tinkt by himsels: miskien wurd ik te âld.
Nee, Sinteklaas hat net in hiel steil wurd
en der sit allegear snot yn syn wite burd.


Ha...ha...tsjoe! Ha.. ha... tsjoe! Ha... ha... tsjoe!,' prûste Sinteklaas.
Wat hie er it te pakken, de âlde baas
'Ha... ha... tsjoe!,' prûste Sinteklaas.



Sinteklaas komt (© Doede Veeman)

Ik hie in frjemde dream fannacht koe fleane mei gemak
Ik fleach it iepen finster út en sweefde oer it dak
Dêr seach ik ien yn bûnte klean, in feint mei donker fel
Gie mei in sek fol pakjeguod de skoarstiennen by del

Soks kinst net fantaseare soks is dochs net gewoan
It is net mear te kearen: Sinteklaas dy komt der oan

Ik plofte wer werom op bêd en sloech de eagen op
Waard wekker, mar dy rare dream siet my noch yn ‘e kop
Moarnier sil ik nei ûnd’ren ta sa gau as dat mar giet
Dan sjoch ik efkes yn myn skoech dy’t by de kachel stiet

Soks kinst net fantaseare soks is dochs net gewoan
It is net mear te kearen: Sinteklaas dy komt der oan


Sinteklaas, ús held (© Piter Wilkens)

Op syn hynder rydt er oer it dak, dak, dak
sa bringt er alle pakjes wer te plak, plak, plak
yn pikkenacht, yn waar en wyn, mei kjeld, kjeld, kjeld
hippe hoppe! Sinteklaas dat is myn held

Hy slacht noait immen oer, hy komt elk jier, jier, jier
en Spanje, sil ’k dy sizze, dat is fier, fier, fier
fiif desimber is de dei dy’t telt, telt, telt
hippe hoppe! Sinteklaas dat is myn held

In tûfke hea, in woartel út ’e grûn
doch ik yn myn skuontsje, elke jûn
Dan sjong ik wer dit ferske like blier
Wat is it altyd spannend elk jier

En ek al is er noch sa withoe âld, âld, âld
hy bliuwt allike goed fan syn ûnthâld, hâld, hâld
en wat ik freegje ha ’k ’m al ferteld, teld, teld
hippe hoppe! Sinteklaas dat is myn held

In tûfke hea, in woartel út ’e grûn
doch ik yn myn skuontsje, elke jûn
Dan sjong ik wer dit ferske like blier
Wat is it altyd spannend elk jier

Ik wol krekt as him sa’n prachtich hoars, hoars, hoars
in wite skimmel, nee ik wol neat oars, oars, oars
dan flean ik oer de huzen mei geweld, weld, weld
hippe hoppe! Sinteklaas dat is myn held


Sinteklaas Piterbaas (út: it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer/ Sieb Stroosma/Siegbert de Jong)

Sinteklaas, Piterbaas, kom no dochs gau.
En byn dan jo hynderke bûten oan 't tou.
Wy sitte al klear en wy sjonge yn koar:
Toe, wachtsje net langer yn rein bûten doar.

Sinteklaas, Piterbaas, kom no dochs gau.
En byn dan jo hynderke bûten oan 't tou.

Sinteklaas, Piterbaas, kom no dochs gau.
En byn dan jo hynderke bûten oan 't tou.
Wy sitte al klear en wy sjonge yn koar:
Toe, wachtsje net langer yn stoarm bûten doar.

Sinteklaas, Piterbaas, kom no dochs gau.
En byn dan jo hynderke bûten oan 't tou.


Súntsjes gean de hynstepoatsjes (út: it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer/ Sieb Stroosma/Siegbert de Jong)

Súntsjes gean de hynstepoatsjes, trippeltrappel, trippeltrap;
't Is de hynst fan Sinteklaaske, Stippelstappel, stippelstap;
't Hapke draacht op syn gemak Sinteklaaske oer it dak.
't Hapke draacht op syn gemak Sinteklaaske oer it dak.

Súntsjes gean de hynstepoatsjes, trippeltrappel, trippeltrap;
't Is de hynst fan Sinteklaaske, Stippelstappel, stippelstap;
't Hapke draacht op syn gemak Sinteklaaske oer it dak.
't Hapke draacht op syn gemak Sinteklaaske oer it dak.

 
Swarte Pyt soe te fytsen (út: it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer/ Sieb Stroosma/Siegbert de Jong)

Swarte Pyt soe te fytsen, doe knapte syn bân.
Doe moast er wol rinne, mei de fyts oan ‘e hân.
Hy kaam yn 'e buorren, en sei tsjin de smid:
Ik leau dat der yn myn achterbân in spikergatsje sit.

De smid moast wol laitsje, mar plakte de bân.
Doe koe Pyt wer fytse, troch it hiele Fryske lân.
Oer Akkrum, oer Jirnsum, by Boarn, oer it dak
Brocht Piter op syn fytske de pakjes te plak.


Wintertiid (© Auck Peanstra)

Sinteklaas rydt op syn hinder troch de hege wite snie
Mar it is al jierren lyn dat it lyk as yn it ferske wie
Altyt reine, grize loften, soms dan kin de swimbroek oan
En sa giet it no al skoften, waarman doch der ris wat oan!

Sinteklaas komt yn de winter mei syn feintsjes fluch en swart
Mar it waar is yn desimber noait mear sa’t it wêze moat
Lit it frieze, lit it snije, waarman meitsje ús wer bliid
Dan kinne wy de slide krije. Jou ús wer in wintertiid!