Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
Online bestelle kin no!
Op dit stuit wurdt noch de lêste hân lein oan de Fryske Sinteklaasskiif. At alles goed giet sil er foar de oankomst fan Sinteklaas op sneon 15 novimber klear wêze. De skiif hat úteinlik 21 nûmers krigen wêrfan mear as de helte nij. Omdat ús kompakt skyfke driuwt op frijwilligers hawwe wy besletten om de skiif ek sels mar te distribuearjen. Fan no ôf is de kompakt skiif dan ek op ús side te bestellen. Wannear't jo no de skiif bestelle binne jo wis dat jo net efter it net fiskje want op kin op wêze fansels. De skiif sil tsien euro kostje. Dêr komme dan noch al wat ferstjoerkosten oerhinne. Sa gau at wy de skiif yn hannen hawwe wurde de al bestelde eksimplaren ferstjoerd. Dêrnei sil de skiif ek op ferskate plakken te keap wêze.