Op sneon 1 novimber sille der fjouwer Warber Fryslân promoasjetiems op paad troch ús provinsje om sa te besykjen om noch mear ferkeappunten foar de Fryske Sinteklaasskiif te krijen. Der is al oerienstimming mei tal fan winkels mar ús doel is fansels om yn hiel Fryslân yn de winkels te lizzen. Wy wolle eins yn trije wiken tiid de earste Frysktalige platinaskiif binnen slepe (as wie dy der al?). De opnamen foar de skiif binne no ôfrûn. Op dit stuit wurdt der noch de lêste hân lein oan it masterjen en dan kin it hiele saakje nei de drukker. Noch foar Sinteklaas yn it lân is kin de skiif dan klear wêze. Moarn sille wy besykje de oplage fan 2500 noch efkes op te krikken sadat de magyske grins fan Platina faaks noch foar 5 desimber berikt wurde kin. Mochten der noch winkels wêze dy't miene dat se ek wol minimaal 20 skyfkes ferkeapje kinne? Jim kinne fansels altyd efkes kontakt opnimme mei Stifting Warber Fryslân. Fia de webside binne oars ek al hast 100 skyfkes ferkocht.