Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
It lêste nijs
In grutte lêst falt fan ús skouders. De opnamedagen binne foarby, de skiif is mikst en mastere en it ks-boekje is klear om printe te wurden. Der kin no dus neat mear feroare wurde en dat is nei alle tiid dy't der ynstutsen is ek wol wer noflik. At it goed is dan sil de skiif noch foar 15 novimber hielendal klear wêze. It is dan fansels saak om de skiif op safolle mooglik plakken oan de minsk te bringen. Wy hawwe sneon al efkes wat troch Fryslân riden om sa oan wat ferkeappunten te kommen. Dizze ferkeappunten sille ynkoarten mei in postkoadetsjek te finen wêze. Ek hawwe wy in google ierde kaartsje makke mei alle ferkeappunten dêrop. Der binne noch wol in pear lege flakjes op de kaart. Hawwe jo in winkel en tinke jo dat jo ús skyfkes wol ferkeapje kinne? Nim dan efkes kontakt op.