|
Presintaasje Fryske ferskes foar Sinteklaas |
Op sneon 15 novimber presintearret Stifting Warber Fryslân de nije kompakt skiif mei Fryske ferskes foar Sinteklaas. Op dizze dei sil it Warber Fryslân koar in optreden fersoargje foar Sinteklaas wêrnei't de skiif oanbean wurde sil oan ús held. Omdat Sinteklaas graach mei ien fan syn grutste pakjesboaten komme woe hawwe wy der foar keazen om de presintaasje dan mar yn de ienige Fryske seehaven te hâlden. Fandêr dat jim allegear útnoege binne om op sneon 15 novimber om 13.30 yn de haven fan Harns te ferskinen. Wy hawwe Omrop Fryslân ek ree fûn om dit barren streektrjocht út te stjoeren dus mochten jim gjin tiid hawwe om nei Harns te kommen dan kinne jim it altyd noch folgje fia de Omrop.
Tip foar de Piten yn Spanje: mei in dûbele kop op 'e skûtel is Omrop Fryslân ek yn Spanje goed te ûntfangen.
|