Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
De ferkeap is begûn
Sa sjocht er der útDe kompakt skiif Fryske ferskes foar Sinteklaas is der! Fannemiddei is der in pallet fol mei skyfkes besoarge by de opnamestudio yn Burgum dat op dit stuit wurdt der drok wurke om de skiif yn alle winkels te krijen. It sil net mear slagje om hjoed noch alle ferkeappunten te beleverjen mar moarn moat wy dochs wol in hiel ein komme tinke wy. Dat betsjut dus dat jim sneon op tiid foar de doar stean moatte want de oplage is mar heheind fansels. De minsken dy't in skiif besteld (en betelle) hawwe fia ynternet krije dizze ek sa rap mooglik tastjoerd.