Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
Sinteklaas hat de skiif no ek
Sinteklaas nimt in skiif yn ûntfangstSneon 15 novimber hat Sinteklaas de kompakt skiif Fryske ferskes foar Sinteklaas yn Harns yn ûntfangst naam. It wie noch wol efkes spannend oft Sinteklaas wol op ús ks-presintaasje ferskine koe want der wiene wat problemen mei it tsjokke boek. Gelokkich koe de boargemaster de helptsjinsten goed koördinearje sadat dat lytse probleemke ek gau wer oplost wurde koe. Nei de útrikking fan de skiif songen de bern fan it spesjaal foar de kompakt skiif formearre Warber Fryslân koar tegearre mei Adri de Boer noch in pear fan de prachtige nije Sinteklaasnûmers. It wie dúdlik te sjen dat de Sint tige bliid wie mei it nije repertoire. Alle jierren dy selde ferskes is ommers ek wat saai. No kin der dus altyd Fryske muzyk draait, songen en spile wurde by de ferskate yntochten. De skiif is op dit stuit rûnom yn Fryslân te keap. Bliuwe jim leaver foar de skoarstien sitten dan kin der ek online besteld wurde fansels...

sjoch nei it live-ferslach fan de Omrop.

It Warber Fryslân koar mei bern fan De Wyngert en By de Boarne tegearre mei Adri de Boer