|
Sinteklaasskiif grut súkses |
|
De kompakt skiif Fryske Ferskes foar Sinteklaas liket in grut súkses te wurden. Wy binne al sawat troch ús eigen foarrie hinne en ek by in soad winkels fleane de skyfkes as waarme broadsjes oer de toanbank. Alle Fryske basisskoallen hawwe at it goed is yntusken ek in fergees eksimplaar fan de skiif krigen en der binne al in moai nustje dy't graach noch in pear ekstra eksimplaren hawwe wolle. Wy hawwe ús leveransiers dan ek al wer opdracht jûn om de parse wer oan it draaien te bringen want foar 5 desimber moat hiel Fryslân fansels yn in geweldige Fryske Sinteklazestimming wêze...
|