Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
Wy binne der hast trochhinne
Fansels hiene wy wol ferwachte dat der fraach wêze soe nei in Frysktalige Sinteklaasskiif mar wy mienden dat wy mei 2500 skyfkes wol in hiel ein oan dizze fraach foldwaan koene. Dat blykt net sa te wêzen fandêr dat de kompakt skiif 'Fryske ferskes foar Sinteklaas' op dit stuit fia ús eigen ynternetside efkes net te leverjen is. Jim kinne fansels gewoan trochgean mei bestellen want freed ferwachtsje wy wer in nije frachtwein fol fan dizze topper yn Sinteklaastiid. Wannear't jim betelling foar freed 16.00 op ús rekken byskreaun is kinne jim at de minsken fan TNT in bytsje meiwurkje sneontemiddei al wer harkje nei jim eigen skiif. Yn de ferskate winkels is foar safier't wy witte noch wol in hantsje fol skyfkes te krijen.