Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
Hoe no fierder?
No't Sinteklaas wer ûnderweis is nei Spanje stiet de ferkeap fan de Sinteklaasskyfkes fansels efkes op in wat leger pitsje. Dochs bliuwt it gewoan mooglik om in eksimplaar te bestellen. Rekkenje der dan allinnich net op dat dizze de oare deis al troch de brievebus leit. Sa no en dan stjoere wy de bestelde eksimplaren efkes ta. Yn oktober fan 2009 sille wy dan wer manmachtich oan it postsegels plakken gean. Op dit stuit binne wy ús oan it berieden oer in folgjend projekt. Mochten der minsken ideekes hawwe, in suggestje kin fansels altyd dien wurde, fia de eamel as yn ús gasteboek...