Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
Fideoklips foar Sinteklaas
Nei't wy foarich jier al Fryske ferskes foar Sinteklaas op kompakt skiif útbrocht hiene binne wy op dit stuit dwaande mei it meitsjen fan in pear fideoklips. Foarich jier moasten wy noch flink ús bêst dwaan om de skiif foar Sinteklaas yn de winkels te krijen. Dit jier is dat fansels minder dreech want wy hawwe noch wol in pear doaskes fol op foarrie lizzen. Om de skiif wer goed ûnder de oandacht te bringen sille der no dus yn earste ynstânsje fjouwer fideoklips makke wurde by de nije nûmers. Ynkoarten hearre jim hjir fansels mear oer. Yn oktober sille wy jim dan bedobje ûnder de klips. Klipkar kin him mar ree meitsje...