Bianca Wijnsma Entertainment is it bedriuw fan Bianca, sy stekt in hiel soad tiid yn de stifting en har produkten.

De Fryske Winkel is oprjochte troch Thaeke en komt foart út it ferstjoeren fan de Fryske Sinteklaas skiven. Fansels is de Fryske Sinteklaasskiif ek te keap en sy rekkenje gjin ferstjoerskosten.
De stafkamer helpt ús op ferskate wizen by it ta stân kommen fan de kompakt skiif.
advertinsje
De trije klips bin hast klear
Noch in pear nachtsjes geduld en dan komt Sinteklaas alwer nei Nederlân. Mar foar dat it sa fier is struie wy earst noch efkes in trijetal spiksplinternije fideoklipkes oer jim út. Moandei sille de klipkes foar it earst toant wurde op de Wyngert yn Drachtster Kompenije. Dêrnei sille de klipkes har wei fine oer it ynternet en faaks ek op Omrop Fryslân en mannich oare stjoerder.